Flats oan Vlaslaan fan de baan

14 mrt 2001 - 00:00

De âldereinflats oan de Vlaslaan yn Beetstersweach komme der foarearst net. De gemeente naam it útstel tiisdeitejûn werom. De riedsfraksjes wienen slim ferdield oer de bou. Buertbewenners hienen hântekens sammele tsjin de flats.

It kolleezje sil yn oerlis mei fraksjes foar de simmerfakânsje mei in nij foarstel komme om de âlderein en de húsdokterspraktyk in plak op it doarp te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)