Folslein ferfiersferbod foar fee

13 mrt 2001 - 00:00

It ministearje fan Lânbou hat besletten ta in folslein ferfiersferbod foar fee. De maatregel is nommen omdat de tongbliersykte útbrutsen is ûnder kij yn Noardwest-Frankryk. It ferbod jildt foar skiep, kij, geiten, bargen en oare evenhoevige bisten, mar net foar hynders.

It ferbod is neffens de minister nedich omdat útsocht wurde moat oft ek besmette bisten nei Nederlân ferfierd binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)