Koarte, felle brân by Rendac

13 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In koarte brân hat moandeitenacht foar tonnen skea oanrjochte by destruksjebedriuw Rendac yn Sumar. It fjoer ûntstie yn in waskstrjitte yn de ûntfangsthal.

Neffens de brânwacht hat der gjin sprake west fan in gefaarlike situaasje foar de omkriten. Rendac-direkteur Ackerman seit dat de ferneatiging fan kadavers gewoan trochgean kin.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)