Postbus 51-jild foar provinsje?

13 mrt 2001 - 00:00

CDA-Twadde-Keamerlid Joop Atsma fynt dat provinsjes de mooglikheid krije moatte om Postbus 51-spotsjes te meitsjen en út te stjoeren by de regionale omrop.

Neffens de mediawet is soks mooglik, mar der is oant no ta gjin jild foar. Atsma freget steatssiktaris Van der Ploeg om hjirnei te sjen. Atsma is derop tsjin dat provinsjes regionale omroppen jild jouwe yn ruil foar mear omtinken op TV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)