Net spesjale easken boargemaster

© Omrop Fryslân
De fertrouwenskommisje stelt gjin spesifike easken oan de nije boargemaster fan Kollumerlân. De 5 fraksjefoarsitters út ried sprekke har net út oer de politike kleur, it geslacht of de libbensskôging fan de opfolger fan boargemaster Visser.
De kommisje hat by it meitsjen fan it profyl help hân fan it ministearje fan Binnenlânske Saken. Dat hat in spesjaal systeem ûntwikkele foar in profylskets.