Aksje tsjin flats op sportfjild

© Omrop Fryslân
Yn Beetstersweach is in soad wjerstân tsjin plannen fan de gemeente Opsterlân om trije flats te bouwen op it sportfjild. In aksjegroep hat hast 580 hantekens ynsammele om tsjin de bou te protestearjen. Hast 88 prosint fan de stimmen wie tsjin de bou.
De aksjegroep fynt dat de flats te heech wurde en net passe yn it doarp. De ried nimt tiisdei in beslút.