FUEN-kongres op it Hearrenfean

12 mrt 2001 - 00:00

Sa'n 200 fertsjintwurdigers fan mear as 30 minderheden út benammen East-Europa komme ein maaie byinoar op It Hearrenfean. It giet om de jiergearkomste fan minderhede-organisaasje FUEN.

Ald-politikus Max van der Stoel is ien fan 'e sprekkers. De gearkomst is troch de Ried fan 'e Fryske Beweging nei Fryslân helle. Benammen út Ruslân wurde in soad gasten ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)