Ynternetpoll oer boargemaster
FNP'er Repke Hollema is mei in ynternetpoll begûn oer boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân. Fia www.fnp-smellingerlân.nl kin elk him útsprekke oer de werbeneaming fan de 61-jierrige earste boarger.
Yn maaie nimt kommissaris Nijpels in beslút oer in nije termyn fan seis jier. Hollema sil yn alle gefallen Nijpels de útslach fan de enkête tastjoere.