Flyers naderje finale play-offs

© Omrop Fryslân
De Flyers binne noch altyd yn de race om it Nederlânsk kampioenskip. Sneon wûnen de Feansters de thúswedstriid yn 'e heale finale om de play-offs. Tsjin lânskampioen Tilburg waard it 4-2. De perioadestannen wiene 1-1, 1-1 en 2-0.
Snein is de return yn Tilburg. As de Flyers dy winne, stean se yn de finale fan de play-offs. De tsjinstanner wurdt ek snein bekend (Geleen of Nijmegen).