Stunte mei benzineprizen

10 mrt 2001 - 00:00

Der hearsket op 't heden in benzineoarloch yn Fryslân. Hâlders fan lytsere pompen stunte mei de prizen om safolle mooglik klanten te lûken. De prizen lizze fier ûnder it lanlik trochsneed.

De lytsere pompen kinne krekt de holle boppe wetter hâlde. Sy wurde net stipe troch in grutte oaljemaatskippij. Legere prizen binne in middel om klanten te binen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)