Twarres kriget mooglik TMF Award

10 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

'Wêr bisto' fan Twarres is nominearre foar de TMF Awards. De beide jonge Friezen dogge mei yn de kategory bêste single nasjonaal. Se moatte it ûnder oare opnimme tsjin Krezip en Kane.

De útrikking is op 7 april yn Ahoy yn Rotterdam. Kaarten binne der net mear, want yn in healoere tiid wie it útferkocht. Dy't it dochs sjen wol, moat dat fia de televyzje of ynternet dwaan.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)