Ferrast troch opkommend tij

© Omrop Fryslân
Reddingswurkers hawwe sneon sân Waadrinners op it droege brocht. De groep waard ûnderweis nei It Amelân oerfallen troch it opkommend tij.
De reddingsboaten fan It Amelân en Lauwerseach kamen dêrop yn aksje. Se ha de Waadrinners by de Ballumerbocht oan 'e wâl brocht. Ien fan de dielnimmers hie ferskynsels fan ûnderkuolling. De tocht stie ûnder lieding fan in gids.