Iendeiske Alvestêdekuiertochten

© Omrop Fryslân
Yn fiif jier tiid de Alvestêdetocht rinne. Dat kin om't de Stichting Fryske Alvestêden mei kuiertochten fan ien dei komt. Alle jierren kinne de kuierders in oar stik fan de rûte rinne. It earste stik is Warkum-Frjentsjer op 24 maaie.
In âlvestêdebrevet krije de dielnimmers op dizze wize net. Dêrfoar moat de likernôch 200 kilometer yn fiif dagen achter elkoar ôflein wurde.