Alde plataan ferhuzet

08 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn Oentsjerk is tongersdei in 130 jier âlde plataan út de grûn helle. De beam, 27 ton swier, moat wike foar nijbou fan Heemstrastate.

De plataan giet nei in kwekerij yn Brabân ta. Dêr wurdt er ferkocht oan rike partikulieren dy't him yn de tún ha wolle. De beam soe earst kapt wurde, mar dat begrutte de gemeente Tytsjerksteradiel te folle.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)