"See-earn komt werom"
De see-earn (zeearend) briedt yn in pear jier wer by it Lauwersmar. Dat tinkt ûndersiker De Jong fan it Wereldnatuurfonds. De fûgel is al ris sjoen yn it Lauwersmargebiet, mar briedt no noch net yn Nederlân.
Neffens De Jong giet it yn Noard-Dútslân tige goed mei de fûgel. Hy sil him dêrom ek by it Lauwersmar fêstigje. De earn hat in spanwiidte fan 2,5 meter.