Mear banen foar allochtoanen

© Omrop Fryslân
De Fryske arbeidsburo's helpe hieltiten mear allochtoanen oan in baan. In spesjaal foar har opset projekt hat yn in heal jier tiid sa'n 1500 oan in baan holpen.
It sukses fan it projekt komt foar in part om't der tweintich allochtoane bemiddelers oan meiwurkje. Der steane no noch sa'n trijetûzen allochtoanen registrearre as wurksykjend.