Plafondskildering moat opknapt

08 mrt 2001 - 00:00

De skildering op it plafond yn Oenemastate op It Hearrenfean moat gau opknapt wurde. De ieuwenâlde skildering is al jierren lyn bleat lein, mar net restaurearre.

De foarige eigner hie subsydzje krigen, mar de nije eigner liket it projekt net op te pakken. Foar 1 april moat de restauraasje begjinne, oars ferfalt de subsydzje fan 37.000 gûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)