Aldereinflats yn Beetstersweach?

© Omrop Fryslân
De komst fan 43 apparteminten yn Beetstersweach ropt ferdielde reaksjes op yn de gemeente. Oan de Flaaksleane soenen hege flats foar âlderein komme te stean en dat past net by it doarp fine guon.
De âlderein wolle lykwols graach op it doarp bliuwe. By de apparteminten soe ek in húsdokterspraktyk komme en mooglikheden foar soarch oan hûs. Al 60 minsken ha har opjûn. De ried moat noch beslute.