Feemerk noch net iepen

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter feemerk bliuwt yn elts gefal noch ticht oant 27 maart. Minister Brinkhorst wol de maatregels dy't naam binne tsjin tongblier net fersoepelje.
Elke kear dat de feemerk net trochgiet, rint it FEC 40.000 gûne mis. It FEC ferwachtet foarearst noch gjin problemen, mar in goed jier sil it net wurde. It FEC makket no mar fan de gelegenheid gebrûk om grut ûnderhâld út te fieren.