Goede sifers Friesland Coberco

© Omrop Fryslân
De winst fan suvelkonsern Friesland Coberco is ferline jier ferdûbele, nei sa'n 172 miljoen gûne. De omset stiigde nei njoggen miljard. Foaral it merk Friesche Vlag die it poerbêst.
It konsern sil lykwols de kommende jierren wol snije yn de 'tsiispoat'. Fan de trettjin tsiisfabriken moatte der fiif ticht. Hokker dat binne is ûnbekend. Ek de poeierdivyzje wurdt reorganisearre.