Keunstprojekt Skier goed beteard
It projekt fan de Snitser keunstners Hakze en Cazimier op Skiermûntseach koe finansjeel út, ek al hat de provinsje gjin subsydzje jûn. De keunstners ha 500 skilderijen op it strân fan Skier makke yn it ramt fan Simmer 2000. Dêr binne 150 fan ferkocht.
It eilân Skier hat foar 10.000 gûne bydroegen yn de kosten. De rest kaam fan sponsors.