It giet goed mei de earrebarren

06 mrt 2001 - 00:00

It giet goed mei de Fryske earrebarren. Nei de Twadde wrâldoarloch wie de populaasje hast útstoarn, mar der binne no wer 300 eksimplaren. De fokprogramma's dy't sûnt inkele tsientallen jierren opsetten binne, dogge fertuten.

Ien fan de fjouwer earrebarrestasjons yn Fryslân is it Eibertshiem yn Earnewâld. It Fryske Gea is hiel tefreden, mar warskôget foar tefolle optimisme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)