Opfang útprosedearde asylsikers

© Omrop Fryslân
It leechsteande fersoargingstehûs 't Suderhiem yn Drachten wurdt mooglik in tydlike opfang foar útprosedearre asylsikers. De Stichting Noodhulp Daklozen en Vreemdelingen wol dit.
De stichting ferwachtet dat dit jier sa'n 40 asylsikers út it AZC Drachten wei moatte, dy't nergens terjochte kinne. Neffens de Stichting soene se tydlik yn it Suderhiem kinne.