Lemster winkels sneins net iepen

© Omrop Fryslân
Winkels op 'e Lemmer geane sneins net iepen. In mearderheid fan in gemeentlike kommisje wie moandei tsjin ferromming fan de iepeningstiden fan de winkels. De snein moat in dei fan besinning en sosjale kontakten wêze.
De Lemster Sakeklub hie in foarstel yntsjinne om de winkels op snein iepen te krijen. De toerist soe om mear ferdivedaasje en winkeliepenstelling freegje.