Unfrede oer sfear fuotbalstadion

05 mrt 2001 - 00:00

Untefreden Heerenveen-supporters ha in alternative supportersferiening oprjochte: Nieuw Noord. De fans fine dat der te min sfear is yn it nije Abe Lenstra stadion.

By de ferhuzing nei it nije stadion is de groep 'sfearmakkers' út inoar helle. Nieuw Noord wol dat dy minsken wer yn itselde fak sitte kinne. Fierders wol de groep ûnder mear in supportershome.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)