Mooglik grut bedriuw nei Harns

© Omrop Fryslân
In grut bedriuw sil him mooglik fêstigje yn de haven fan Harns. De ûntwikkelingsmaatskippij Westergo is yn petear mei it bedriuw, dat ynteresse ha soe foar in tal bunders yn de nije yndustryhaven.
Neffens de direksje fan Westergo giet it om 'in grutte fisk'. It bedriuw soe wurk biede kinne oan in grut tal wurknimmers. Westergo is ferantwurdlik foar de ûntwikkeling fan de nije haven.