Fiskstreupers oppakt

© Omrop Fryslân
De Fryske wetterplysje hat moandei mei de algemiene ynspeksjetsjinst trije fiskstreupers pakt op de Langwarder Wielen. De manlju komme út de omkriten fan Urk en binne 32, 34 en 64 jier âld.
Yn de boat fan de manlju is 116 kilo snoekbears fûn. De boat en de auto fan de fertochten binne yn beslach nommen en ek 200 meter fisknet. De wearde fan de fisk is sa'n 3000 gûne.