Südtiroler baas buro lytse talen

© Omrop Fryslân
De Südtiroler Markus Warasin(30) wurdt de nije siktaris-generaal fan it Europeeske Buro foar Lytse Talen yn Brussel. Warasin wurket op dit stuit as taalkundige oan de Universiteit fan Innsbruck.
De Dútstalige Italiaan Warasin is de opfolger fan 'e Sweedstalige Fin Tom Moring. It Buro foar Lytse Talen komt op foar de belangen fan 'e sprekkers fan minderheidstalen, lykas it Frysk.