Autopapieren yn Wales twatalich

© Omrop Fryslân
Autoregistraasjepapieren yn Wales binne tenei twatalich. Dat hat it registraasjeburo besletten. It buro fynt dat it Ingelsk en it Welsh lykweardich behannele wurde moatte.
De Welsh Language Board is bliid mei de maatregel. "It is in dokumint mei in hege status en hat dêrom in wichtige funksje foar it Welsh". Autoriders hiene faak frege om twatalige autopapieren.