Te min ynteresse foar technyk
Wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW wol mear learlingen ynteressearje foar technyske opliedings. De ôfrûne 5 jier is it tal 'technyske' studinten yn it noarden mei in tredde tebek rûn.
Yn de rest fan it lân is wat mear ynteresse foar technyske opliedings. VNO/NCW is benaud dat troch it ferlet oan technysk personiel de konkurrinsjeposysje fan it noarden gefaar rint.