MVV is Cambuur de baas
Cambuur hat de lange reis nei Maastricht om 'e nocht makke. De fuotballers spilen in dramatysk minne wedstriid tsjin MVV en ferlearen mei 3-1. Nei 36 minuten stie MVV al mei 3-0 foar en wie de saak beslikke.
Trener Kruys spruts fan in kollektyf falen. Hy wol de kommende tiid jonge spilers ynsette en alfêst ynspylje op it nije seizoen.