Flyers noch yn 'e race

© Omrop Fryslân
De Formido Flyers ha noch alle kâns de finale fan it NK iishockey te heljen. Yn in tige spannende wedstriid wûn de Feanster ploech sneontejûn mei 5-3 (3-2, 1-1, 1-0) fan Tilburg.
Foar de Flyers skoarden Quensville (2), Arts, Doyle en Landman. Beide teams ha no ien kear wûn. Wa't it earste trije oerwinningen hat, giet nei de finale. Woansdei spylje de ploegen yn Tilburg.