Gjin winst foar haadklassers
De twa Fryske haadklassers dy't sneon fuotballe ha, ha net in bêst wykein. ONS ferlear thús fan Urk mei 1-3. ONS like goed papieren te krijen doe't in Urker út it fjild stjoerd waard, mar de tsien oerbleaune wienen dochs te sterk.
Drachtster Boys-IJsselmeervogels bleau 0-0. De Drachtsters wienen yn de earste helte de bettere ploech, mar skoarden net.