Fryske Boekewike is grut sukses

© Omrop Fryslân
De Fryske Boekewike is in grut sukses wurden. Fan it boekewikegeskink 'Berjochten út Boedapest' fan Douwe Kootstra -in oplaach fan 3500- wienen freed noch mar in pear eksimplaren oer.
De boekhannel fan de Fryske Akademy hat foar de twadde kear de earste priis wûn foar de moaiste etalaazje. De romte wie oanklaaid mei sûvenirs út Hongarije, passend by it tema fan it boekegeskink.