De Gordyk krijt azc

02 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Op 'e Gordyk komt in azc. It komt bûten it doarp oan de Stasjonswei. Oer de grutte fan it sintrum is noch net in beslút nommen. Opsterlân leit de belanghawwenden op 'e Gordyk trije farianten foar, wêrby't de opfangkapasiteit en de rintiid fan it sintrum ferskille.

It is de bedoeling dat it azc in saneamd plus-sintrum wurdt, wêrby't mear omtinken is foar de deibesteging.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)