Aaisykjen no ferbean

© Omrop Fryslân
Der leit fan no ôf in ferbod op aaisykjen. Dat hat it ministearje fan Lânbou besletten. It ferbod moat in mooglike besmetting fan tongblier te foaren komme. It beslút is mûnling meidield oan de provinsje.
It aaisikersseizoen begjint alle jierren op 1 maart en einiget op 8 april. It BFVW hie earder al it advys jûn om net mear yn de greiden te kommen.