Ferskil yn hichte drankboetes
Automobilisten dy't pakt wurde mei drank op efter it stjoer, binne goedkeaper út as se de saak foarkomme litte. It direkt beteljen fan de boete kin en mei wol, mar is faak djoerder as de jildstraf dy't se op de rjochtbank krije.
It skeelt soms hûnderten gûnens. Dat hat te krijen mei it ferskil yn regels fan it Iepenbier Ministearje op strjitte en regels dy't yn de rjochtbank jilde.