'Faksinaasje tsjin tongblier'
Der soe yn Nederlân wer inte wurde moatte tsjin de feesykte tongblier. Dat seit âld-feeynspekteur Osinga dy't yn it ferline ferskate kearen in útbraak meimakke hat.
Foar de oarloch wie it eins hiel gewoan dat bisten tongblier krigen. Nei de oarloch waarden kij dertsjin faksinearre. Tsien jier lyn is dizze faksinaasje ôfskaft.