5 en 8 jier sel saak-Tsjûkemar

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert hat in 53jierrige man út Wieringen in straf fan 7 jier oplein yn 'e jeugdprostitúsjesaak. De man is skuldich oan ûntucht mei trije minderjierrige jonges.
De man hat de jonges ek ferskate kearen oanbean foar prostitúsje. De 50-jierrige Ljouwerter dy't ek by de saak belutsen wie hat fiif jier sel krigen. De saak tsjin in tredde fertochte is oanhâlden.