Amnesty ûntdekt ynternet
Amnesty International op It Bilt sil tenei ek ynternet brûke by de skriuwaksjes. Earder wiene pinne en papier, en ek wol de faks de middels. No kin mei e-mail druk útoefene wurde op lannen dy't de minskerjochten skeine.
De Biltske Amnestygroep wol it e-mailen ûnder de oandacht bringe. Boargemaster Dankert sil freed de earste mail ferstjoere, nei in finzene yn Ruslân.