Brân Expert Ljouwert oanstutsen

28 feb 2001 - 15:52

De brân by de Expert oan 'e Carel van Manderstrjitte yn Ljouwert is oanstutsen. Dat hat de technyske resjersje fêststeld. It fjoer is ûntstien yn in bulte âld papier bûtendoar. It gebou waard brûkt as opslachplak. Der wie foar in miljoen gûne oan skea.

Oer de oarsaak fan de brân by Scheer en Foppen op It Hearrenfean is noch neat bekend. Dat barde ôfrûne snein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)