Makkumer fermanje ryksmonumint
De fermanje fan Makkum is ryksmonumint wurden. De menistetsjerke is yn 1910 boud en it bysûndere is dat der ferskate Jugendstil-eleminten yn te sjen binne.
Yn tsjinstelling ta oare fermanjes dy't meast as skûltsjerken boud binne, is dy fan Makkum krekt yn it sicht set. Dat kaam om't de menisten yn 1910 gjin ferbeane streaming mear wiene.