'Utsutelder' falt famkes lestich

28 feb 2001 - 11:18
Foto: Omrop Fryslân

Twa famkes fan 13 jier út Ousterhaule binne moandei oerdeis lestichfallen troch in ûnbekende man. Dat barde by in fytstunneltsje by De Jouwer. De man stie dêr sabeare te pisjen.

De famkes fytsten foarby mar waarden troch de man - dy't yn 'e auto stapt wie - ynhelle. Eefkes letter seagen se him troch de bosk rinnen. In frou dy't dêr mei de hûn rûn, hat de famkes meinommen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)