Utsûndering foar lamjende skiep

28 feb 2001 - 11:18

Der moat in ûntheffing komme foar ferfier fan skiep dy't lamje moatte. Dat seit boere-organisaasje LTO Nederlân. It Ryk hat it ferfier ferbean fanwege de sykte tongblier, no noch yn Ingelân, mar tige besmetlik. It kin himsels troch de loft ferspriede.

Skiep dy't lamje moatte, moatte fan it lân nei de stâl brocht wurde kinne. In ferfierferbod makket soks ûnmooglik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)