Bernebuorkerijen bliuwe iepen

28 feb 2001 - 10:27

De bernebuorkerijen yn Fryslân kinne foarearst iepen bliuwe. In tydlike sluting yn ferbân mei tongblier is neffens it ministearje fan Lânbou net oan de oarder.

De rykstsjinst foar de keuring fan fee en fleis hat oan bernebuorkerijen it advys jûn om net te folle minsken ta te litten op it terrein. Der sille wol hygiënefoarskriften komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)