Amicitia falt bûten kultuernota
Yn Snits binne plannen foar in nij sintrum foar teater en keunst. Dat stiet alteast yn 'e nije kultuernota fan de gemeente. Opfallend is dat it besteande Amicitiateater dêr gjin rol yn spilet.
De gemeente hat in kontrakt mei Amicitia oant 2006. Dat soe iepenbrutsen wurde moatte. Amicitia soe dan fierder moatte as bioskoop, wat it no ek al is.