Njoggen jier wachtsje op in hûs

27 feb 2001 - 17:02

Yn Ljouwert is de wachttiid foar in goedkeapere hierwente oprûn ta 9 jier. Dat makket wenningbouferiening Nieuw Wonen bekend. Troch de jierlikse hierferheging falle hieltyd mear wenten yn 'e djoerdere katagory, de saneamde frije sektor.

De wachttiden wurde ek langer troch de krapte oan hierwenten. Dit fanwege ferkeap of sloop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)