Fertochte fan ûntucht oanholden

26 feb 2001 - 17:36

De plysje hat in 33-jierrige Ljouwerter oanholden dy't fertocht wurdt fan ûntucht. De man komt út de Ljouwerter wyk Westeinde. De plysje ûndersiket oft de man belutsen west hat by de sedeynsidinten yn oktober yn deselde wyk.

De man ûntkent dat en boppedat is der in nije melding oer ûntucht kommen nei syn oanhâlding. De man hat tajûn dat er yn 1990 bern betaast hat op in jeugdkamp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)