ChristenUnie yn Smellingerlân

© Omrop Fryslân
Yn Smellingerlân wurdt tongersdei in ôfdieling fan de ChristenUnie oprjochte. Lanlik wurkje de RPF en it GPV sûnt in skoftke gear yn de ChristenUnie en rûnom wurde no pleatslik ek de lapen gearsmiten.
By de oprjochtingsgearkomste fan de nije partij yn Smellingerlân is de hiele gemeentlike polityk útnoege om te praten oer de takomst.