Man yn 'e hân sketten
In 32-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is dit wykein yn syn hân sketten. De man kaam by syn hûs, dêr't er troch kunde opwachte waard.
Omdat se yn it ferline spul hân hiene, gie de 32-jierrige Feanster hurd achterom. Syn kunde skeat doe dwers troch de doar hinne en rekke de man yn 'e hân. De plysje hat letter trije manlju oanholden.